In winsk fan Silke Postma en doarpsbelang is útkaam, in rolstoelfreonlike boarterstún. Jierren is der foar skrept, fûnsen benadere foar jild, de gemeente dy't de paden makke. Hjoed wie de offisjele iepening fan de boarterstún, in moetingsplak foar bern, mei de twa spesjale boarterstastellen. Der wiene ek rolstoelen sadat de bern ris ûnderfine koene hoe't dat wie. Foar alle bern en oare oanwêzigen wie der noch in lekkere iisko. As lêste hie Silke noch in boadskip foar de gemeente, soargje foar goeie paden en stoepen.
Stipers: Cornelia stichting, Iepen Mienskipsfûns (provinsje) Mienskipsfûns (gemeente Ljouwert} SamenSpeelFonds, Tsjerkefûns
Foar foto reportaasje sjoch [ Ссылка ]
Ещё видео!