Jongeren oant 25 jier ha fan ein juny ôf op It Hearrenfean in alkoholpas nedich om drank te keapjen. Oan de hân fan harren fingerprint wurdt dan kontrolearre oft ien âld genôch is om drank te keapjen. Alle supermerken, hoarekagelgenheden en sportklups yn de gemeente sille oan it nije kontrôlesysteem meidwaan. It bedriuw Sesam op It Hearrenfean hat de pas ûntwikkele. Op de pas steane fierder gjin gegevens. Dêr stiet allincih oft de persoan âld genôch is om drank te keapjen of net. De nije pas moat fraude mei ID-kaarten tsjingean.
Ещё видео!