De kast - eltse grins foarby
Onvoorspelbaar 1999
Tekst/lyrics:
it read beskynt de greiden
de jûn falt oar de mar
dêr stean se mei har beiden
en hy sjocht noch ris nei har
se stean foar harren hutte
fan pôlen liem en reid
syn har leit op har skurte
hu wurdt mei koarten heit
it jier hast fyftjin hûnderd
feroare maatskippij
se lije der net ûnder
se fiele harren frei
der is faaks wol wat geande
hy moat soms op oorlochspaad
mar wêr 't se eins foar steane
no dat wurdt er nea gewaar
dochs ha se neat te kleien en
al hawwe se gjin jild
it iten dat se krije is de rykdom fan it fjild
it jier hast fyftjin hûnderd
in nije hearskippij
se bûge der net ûnder
se bliuwe altyd frei
refrein:
De sinne skynt al ieuwen oer ùs lân
bringt de iere moarn eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân eltse grins foarby
It read beskint it kampe
de jûn falt oer de stêd
dêr boartet in lyts famke
noch in skoftsje aanst op bêd
se jeuzelt hûndert út
de taal dy 't mem har bybrocht hat
har heit ropt troch it rút
dat se nei binnen komme moat
it jier hast twa tûzen
europa dat wurdt nij
it famke sjongt en dûnset
en laket dan nei my
Refrein 3x
Ещё видео!