It Heitelân
Dêr ’t de dyk it lân omklammet,
Lyk in memme earm hjar bern,
Dêr ’t de wylde sé jamk flammet
Op in hap út Friso’s hern’;
Dêr ’t de Stiennenman syn eagen
Stoarje lit oer fjild en strân,
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t Reaklif sa swietkes lonket
Yn de jountiidssinneskyn,
Dêr ’t it bokweitblomke pronket
Twisken heide en beamgûd yn,
Dêr ’t de Aldehou syn brommen
Uren fier sims dreunt yn ’t roun,
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Lit ús tinke oan âlde tiden;
Ieuwen fol fen lêst en noed,
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen, striden,
Wrachseljen mei wetterfloed,
Dêr ’t Dy ’t âlde folk biwarre,
Dreech tsjin stoarm en twingerij;
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”
bewerkt door Johan Brouwer
Ещё видео!