By in grutte brân is woansdeitejûn in pleats yn Wyns foar in grut part ôfbaarnd. Troch noch ûnbekende oorsaak rekke it reiten tek yn de brân en it fjoer wreide him hurd út. De brânwacht hat wol it foarste part fan de kop-hals-romp-pleats rêde kind.
Yn de pleats sit in bêd en brochje en op it stuit fan de brân wie der in groep fan santjin studinten yn 'e hûs. Dy koene der allegearre op 'e tiid útkomme. By de brân is asbest frijkaam.
