De wettersportferiening yn Boalsert leit him der noch net by del dat der gjin passantehaven komt yn de stêd. De gemeente Súdwest-Fryslân seit dat der net genôch jild foar is. De oanlis fan de haven is ûnderdiel fan in grutter plan, wêrby't ek it skipshûs fan de wettersportferiening oanpakt wurde soe.
De gemeente hie dat de feriening sels foarsteld. Dy hat der de ôfrûne jierren in soad tiid ynstutsen, mar no giet it earst net troch. De wettersportferiening siket no nei mooglikheden om der toch noch wat fan te meitsje.
Ещё видео!