Der is grutte ûnrêst ûnder de biologyske boeren dy't lid binne fan FrieslandCampina. De suvelkoöporaasje wol ôf fan de ôfspraak dat yn de molkpriis de mearkosten fan it biologysk produsearjen fergoede wurde. Omdat de foerpriis no sa heech wurdt, soe FrieslandCampina dat net weromfertsjinje kinne. Dy keppeling wolle se dêrom no loslitte. Foar de biologyske boeren is dat soer, want der is in grut tekoart oan biologyske molke. Dat wurdt lykwols net omset yn kostedekkende prizen, mar ûndertusken wurdt wol molke út Ingelân ynfierd.
Ещё видео!