De gemalen yn Fryslân wurde moandei stadichoan wer opstarten. It giet om 50 fan de mei elkoar 950 gemalen fan it Wetterskip.
Yn de gebieten dêr't it wetterpeil it heechst is, wurde de gemalen as earste oansetten. It giet dan foaral om it suden, súdwesten en súdeasten fan de provinsje. Dêr is de wetterstân yn de polders no 80 oant 100 sintimeter heger as normaal. De gemalen moatte earst noch iisfrij makke wurde.
Fan tiisdei ôf wurdt begong mei it ôfstreamen fan de Fryske boezem. Hjirfoar wurde de sluzen fan Harns en Dokkumer Nije Silen iepen set.
Ещё видео!