Wetterskip Fryslan hat bot te lijen fan de mûzepleach yn Súdwest-Fryslan. Seker de helte van de polder- en feandiken is troch de muzen oanfretten. Dat seit wetterskipsbestjoerder Roel de Jong. It wetterskip ûndersiket yn de mande mei it NLTO en kennisynstitút Alterra fan de universiteit fan Wageningen hoe't de mûzen it bêste bestriden wurden kinne.
It wetterskip kriget in soad fragen fan boeren mei it fersyk lân ûnder wetter te setten om de mûzen te ferdrinken of te ferjeien. Dat liedt ta ferpleatsing fan it probleem, neffens it wetterskip.
Pas as alle kaden ynspektearre binne, kin de hichte fan de skea fêststeld wurde. Nije wike moandei is op 'e Jouwer in grutte mûze-aksjedei op inisjatyf fan fiif feehâlders mei mûzeskea.
Ещё видео!