Ljipaaisikers moatte nije kreative manieren fine om te bewizen dat se in aai fûn ha. Dat fynt de steatefraksje fan GrienLinks. De partij daget de provinsje út om dit jier njonken de priis foar it earste ljipaai fan Fryslân ek 'it leukste bewiis fan in aai' ta te kennen. De partij docht fierder it útstel om alle ljipaaien dit jier yn de natuer lizze te litten. De Raad van State hat tongersdei besletten dat it ljipaaisykjen dizze maaitiid gewoan trochgean mei.
Ещё видео!