Gangsterduo Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. sizze dat it geweld dat se brûkten tsjin har slachtoffers har oerkaam is. Se hiene gjin oare kar as it brûken fan geweld. Dat seine de twa fertochten tiisdei op de twadde sittingsdei fan de rjochtsaak yn Assen. It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard.
Advokaat Peter Plasman seit dat syn kliïnten der net op út wienen om tsjin elkenien geweld te brûken.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach live op Twitter.
Ещё видео!